OBS Skoalle Jonkerslân

Jonkerslân is in moai lyts doarp oan de westkant fan De Gordyk yn de gemeente Opsterlân. It leit ferskûle achter beamwallen, ynsletten troch lân, sleatten en in rike natûr. Jonkerslân is in ûndernimmend doarp. In grut tal ferieningen, de skoalle en Pleatslik Belang hâlde it doarp libbend en der binne in soad lytse bedriuwen.  

De Feanborch is de nijbou fan it doarp. Hjir stean in tritichtal nije wenningen. It kroanjuwiel fan Jonkerslân is it doarpshûs. Us Doarpshûs wurdt yn stân holden troch in grut tal frijwilligers en ferieningen.

De Lytse Jonker
Doarpsfeest 6 Juni Doch mei! 8 It plein by it doarpshûs
hjit no Gooitzen Meijer Plein.
Gooitzen docht sels de iepening.